Nij doarpshûs foar Raard

© Omrop Fryslân
Nei twa jier fan tarieden, striid om subsydzjes en in lange ferbouwing waard sneon it nije doarpshûs fan Raard iepene. It is in multifunksjoneel doarpshûs wurden. De doarpsynwenners kinne der terjochte foar bygelyks doktersbesite en ferdivedaasje.
De toanielklub, de pedikure en it pjutteboartersplak sitte ek yn it nije doarpshûs. Boargemaster fan Dijkstra fan Boarnsterhim dy't de iepening die, wie grutsk op dizze prestaasje.