Kristlik jeugdwurk ûnder druk

© Omrop Fryslân
It kristlik jeugdwurk stiet ûnder druk. It is hieltyd dreger om frijwilligers te finen en de belangstelling fan bern is yn guon plakken sa min dat de jeugdklub dêr ferdwynt. De provinsjale federaasje moat hieltyd kreativer wurde om de bern oan te sprekken.
Sa wurde der ferskate aktiviteiten organisearre, fan volleybaltoernoai oant boerebrulloft. Yn Sans Souci yn Berltsum wie freedtejûn in berne-play- backshow. Der kamen 600 minsken op ôf.