Sluting Nooitgedagt yn Drylts

05 apr 2003 - 00:00

Nooitgedagt, de ferneamde makker fan beitels yn Drylts, slút nei 138 jier har doarren. Dat hat de direksje fan it bedriuw freedtemiddei bekend makke. Mei de sluting fan de festiging yn Drylts geane 20 banen ferlern.

Nooitgedagt ferhannele en makke beitels foar de houtferwurkjende yndustry, mar dy merk sakke hieltyd mear yn. In soad houtprodukten wurde tsjintwurdich kant en klear ôflevere. De fakbûnen ha ferbjustere en poerlilk reagearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)