Flinke winst foar NDC

© Omrop Fryslân
De Noordelijke Dagblad Combinatie, útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden, hat foarich jier 8 miljoen euro winst makke. Dat is flink mear as yn 2001. Doe wie de winst 2,4 miljoen euro.
Direkteur Jan de Roos fan de NDC neamt it resultaat 'akseptabel'. De hiele krantewrâld sit flink yn de nederklits fanwege it ynsakjen fan de merk fan personielsadvertinsjes. De NDC is net sa ôfhinklik fan dy advertinsjes.