MCL docht mei oan grut ûndersyk

03 apr 2003 - 00:00

Sikehûs MCL yn Ljouwert docht mei oan in grut lanlik ûndersyk nei de soarch foar hertpasjinten. It giet om in ûndersyk fan it AZG yn Grins dêr't sechtjin sikehuzen oan meidogge.

Doel fan it ûndersyk is it oantal opnames fan minsken mei hertklachten te ferminderjen. Benammen moat dúdlik wurde oft pasjinten dy't fan ferpleechkundigen ekstra foarljochting en begelieding krije, minder faak yn 't sikehûs komme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)