Jild foar súdeasthoeke frege

03 apr 2003 - 00:00

De stjoergroep Súdeast-Fryslân hat de provinsje advisearre om mei-elkoar fyftjin ferskillende projekten yn dy hoeke fan Fryslân te subsidiearjen mei 100.000 euro.

It giet û.o. om in ynternetprojekt yn Sigerswâld, ferpleatsing fan de iisbaan yn Ter Idzard en útwreiding fan doarpshûs De Buorskip yn De Sweach. Ek it projekt fan in nije kuiertocht, de Hannekemaaiers-kuiertocht yn Bakkefean, wurdt posityf beoardiele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)