Bekeuring foar yllegale kap

03 apr 2003 - 00:00

De plysje hat woansdei in ynwenner fan Oerterp op 'e bon slingere fanwege it oertreden fan de boskwet. De man hie sûnder fergunning 100 meter beamwâl kapt en it ôffal dêrnei ferbaarnd.

Neist de bekeuring krijt de man ynkoarten ek de gemeente Opsterlân op besite. Dy sil besjen oft de beammen wer útgroeie oft dat der nije plante wurde moatte. Opsterlân besiket de houtwâlen yn stân te hâlden en stiet dêrom it kaapjen net ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)