Subsydzje foar Fryske spylfilms

© Omrop Fryslân
It CoBo-fûns yn Hilversum hat goed 4,5 ton subsydzje takend oan twa spylfilm- projekten dêr't de lanlike tillevyzje- ôfdieling fan Omrop Fryslân by belutsen is. De Frysktalige film 'Sportman fan de ieu' krijt goed fjouwer ton. De rest giet nei in film fan Pieter Verhoeff, dy't makke wurdt nei oanlieding fan Kening Lear, it spektakel fan Tryater.
Omrop Fryslân sil beide films útstjoere. De subsydzje is de heechste dy't de Omrop ea krigen hat.