Laboratoriumûnderwiis ferhuzet

© Omrop Fryslân
De hbo-laboratoriumopliedingen yn Ljouwert komme ûnder ien dak yn it Van Hall-ynstitút. Noardlike Hegeskoalle NHL en it Van Hall hawwe dêrta in gearwurkingsferbân sletten. Beide skoallen binne ferantwurdlik en ynvestearje ek likefolle yn it nije ûnderkommen, dat hast 7 euroton kostet.
De bio- en fiedingsmiddeletechnology en de laboratoriumopliedings falle aanst ûnder de namme 'Life Sciences'. Doel is dat het mbo har hjir ek by oanslút.