Feehannelers skriuwe brief

© Omrop Fryslân
Fryske feehannelers wolle dat weidfee wer op 'e feemerk ferhannele wurdt. Yn in brief oan it ministearje fan lânbou, RVV en de polityk lizze se dat út.
Om't se it mei de Nederlânske regeljouwing net iens binne, keapje de hannelers it fee no op yn België. De proseduere is simpel: yn 12 oeren tiid stiet in Belgyske ko yn de Nederlânske greide. Feehannelers trune der dêrom nochris op oan weidfee yn Nederlân op de feemerk ta te stean.