GGD: gefaar SARS hjir oerdreaun

02 apr 2003 - 00:00

By de GGD yn Ljouwert komme alle dagen 10 oant 15 tillefoantsjes binnen fan minsken dy't har ûngerêst meitsje oer de longsykte SARS. Dat hat neffens Peter van der Tas fan de GGD te krijen mei de "opfokte publike opiny".

Yn Nederlân binne oant no ta gjin serieuze fertinkings fan mooglike ynfeksjes mei SARS. Der moat hiel nau kontakt west ha mei sike minsken foar't besmetting ûntstiet. De kâns dat in gewoane toerist it dus hat, is nihyl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)