Spanner werom út Japan

© Omrop Fryslân
Spanner, de nije band fan Syb van der Ploeg, is werom fan in reis nei Japan. De band hat dêr in tal optredens dien by radiostasjons en kontakten lein mei ferskate platemaatskippijen. In plate- kontrakt is lykwols noch net binnen.
De kontakten wiene lein troch de freondinne fan Syb, dy't by de wrâld- omrop wurket. Neffens Syb binne de Japanners entûsjast oer de rockmuzyk. Oan de ein fan dit jier wurdt der op 'e nij in besite brocht oan Japan.