Ljouwert hat Frjemdlingekeamer

02 apr 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hat woansdei as ien fan de lêste rjochtbanken yn Nederlân in spesjale Frjemdlingekeamer yn gebrûk nommen. Dêr bûgje rjochters har oer de fraach oft bûtenlanners wol of net yn Nederlân bliuwe meie. Allinne beropssaken komme yn de keamer oan bar.

De rjochtbank hat in team fan fiif rjochters en tweintich meiwurkers op de nije keamer setten. It team moat sa'n 3000 saken yn it jier behannelje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)