VVD wol banepool foar amtners

02 apr 2003 - 00:00

De VVD yn de gemeente Snits fynt dat der in banepool komme moat foar gemeente-amtners. Gemeenten dy't troch sykte of kreamferlof ferfanging nedich hawwe, soene dan personiel út dy pool brûke kinne.

It idee fan de VVD is ynjûn troch de ferfanging fan twa swangere meiwurksters fan de gemeente. Dat moat 80.000 euro kostje. Neffens de VVD kin dat mei in banepooler goedkeaper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)