Suderbuorren krijt foarsjennings

02 apr 2003 - 00:00

De wyk Suderbuorren yn Ljouwert krijt op syn lêst yn jannewaris 2005 skoallen dy't folslein berekkene binne op it tal bern yn de wyk. Boppedat moat der takom simmer in supermerk stean yn de nijbouwyk. Dy tasizzings diene de wethâlders Krol en Sluiter op in ynformaasjegearkomste.

Yn it doarpshûs fan Goutum wiene mear as 200 minsken oanwêzich om har beswieren tsjin de rol fan de gemeente oant no ta kenber te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)