FNP en SP solidêr mei Koerden

© Omrop Fryslân
De Koerdyske kulturele feriening yn Fryslân, de FNP en de SP hawwe tiisdei yn Ljouwert in byienkomst holden oer de situaasje fan de Koerden yn Noard-Irak.
Besletten is in brief útgean te litten nei it Nederlânske regear en it Europeeske parlemint. Nederlân soe fuortdalik de Patriotraketten út Turkije weromlûke moatte as de Turken Noard-Irak binnenfalle. Ek soe stribbe wurde moatte nei in federale steatsopbou yn it nei-oarlochske Irak.