Komst Jamai 1 april-grap

01 apr 2003 - 00:00

De Feanster krante makke 1 april in soad los yn Achtkarspelen. Want as grap berjochte de krante dat Idol Jamai in optreden jaan soe yn Surhústerfean. Ek de bern fan basisskoalle De Balkwar yn Koatstertille binne oerémis, want neffens harren master komt er dêr ek.

Jamai hat de hiele skoalle yn de besnijing neidat er in mail stjoerd hawwe soe dat er komt. As de grap fan master Sjoerd Visser útkomt, is de teloarstelling grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)