Yllegale aaisikers betrape

01 apr 2003 - 00:00

De plysje hat yn Lienden (Gelderlân) twa manlju út Nes en It Hearrenfean oppakt. De manlju woene ljipaaisykje, mar dat is yn Gelderlân ferbean.

De mannen seine dat se gewoan oan it kuierjen wiene, mar yn de auto fûn de plysje 83 ljipaaien. De aaien binne yn beslach naam en ferneatige. Sy binne mei in proses-ferbaal wer nei hûs stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)