Kleanfoarskriften op skoalle

01 apr 2003 - 00:00

Wol of net in pet op, sluier om of sels yn in topke en bleat liif nei skoalle ta. Skoallen moatte dêr sels regels oer opstelle. Dat sei ûnderwiisminister Van der Hoeven op 'e jiergearkomste fan de plattelânsfroulju yn Drachten. Se hâlde dêr in lêzing oer wearden en noarmen.

De minister die har útspraken nei oanlieding fan in sluierferbod op in ROC-skoalle yn Amsterdam. De kommisje gelikense behanneling hat sein dat soks net kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)