Minder ynfloed op plysje

01 apr 2003 - 00:00

Fryske gemeenten kinne wolris minder ynfloed krije op de plysjesoarch yn harren gebied. Dat sei boargemaster Dykstra fan Boarnsterhim moandei by in diskusje tusken plysje en gemeentlike polityk yn Grou.

It Ryk oerwaget sintralisaasje fan de plysje om jild te besparjen. Den Haag kriget dan mear foech oer bygelyks it behear fan gebouwen. Besunigings op de lytse plysjeburo's kin dan foar de hân lizze kinne, warskôget Dykstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)