Miljoene-oarder Desimo Ljouwert

© Omrop Fryslân
Desimo yn Ljouwert hat in miljoene- oarder pleatst by supermerkkonsern Laurus. Bakkerijen yn alle festigings fan Konmar, Super de Boer en Edah krije harren grûnstoffen tenei fan Desimo. It giet om sa'n hûndert supermerken yn hiel Nederlân.
It wurk wurdt alhiel út de Ljouwerter festiging wei dien en smyt in tsiental ekstra banen op. In nije, mear sintrale festiging yn Midden-Nederlân komt der foarearst net.