Stedswachten beheare fûn guod

01 apr 2003 - 00:00

De stedswachten nimme per 1 maaie de ôfdieling 'fûn guod' oer fan de plysje Fryslân. Dy komt yn it nije gebou fan de Stedswacht oan de Kanaalstrjitte yn Ljouwert. Dan is it ek mooglik om alle dagen guod te besjen. Dat kin no noch mar ien kear yn de moanne.

De Stedswacht sit no noch yn it plysjeburo yn it sintrum fan 'e stêd. Dat wurdt ferboud ta riedsseal fan de gemeente. De parkearplysje komt miskien ek by it nije stedswachtgebou yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)