Tytsjerksteradiel moat snoeie

31 mrt 2003 - 00:00

De gemeente Tytsjerksteradiel moat besúnigje. De gemeente hat dêrom in tal yngripende maatregels foarsteld. It swimbad yn Burgum giet op snein ticht, der wurdt minder dien oan it ûnderhâld fan diken en paden, it muzykûnderwiis krijt minder jild en de berne-opfang wurdt djoerder.

De besunigins moatte yn de perioade 2003-2006 har beslach krije. Dit jier noch sil de gemeente hast oardel miljoen besúnigje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)