Ferbouwingen op terrein GGZ

© Omrop Fryslân
It terrein fan de GGZ yn Frjentsjer feroaret kommende jierren yn in bouput. Der komme nije gebouwen foar in tal ôfdielingen, oare gebouwen krije in nije bestimming en in pear âlde huzen wurde sloopt.
Ferline wike is it alde haadgebou offisjeel oerdroegen oan de nije eigner. Dy makket dêr apparteminten yn. De âlde haadyngong wurdt yn orizjinele steat hersteld. De earste wurksumheden begjinne fan 't simmer nei de boufak.