Pietersma nei skûtsje Earnewâld

31 mrt 2003 - 00:00

Gerhard Pietersma (37) folget Pieter Brouwer op as skipper fan it Earnewâldster skûtsje. Brouwer stapt nei dit seizoen oer op it skûtsje fan It Hearrenfean, de Gerben van Manen.

Pietersma komt fan Ysbrechtum en is al jierren bemanningslid op it skûtsje fan Snits, de Sneker Pan. Hy sjocht it as in útdaging om takom jier as skipper op de Emanuel fan Earnewâld mei te dwaan oan de wedstriden fan de SKS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)