Koepeltsjerke is klear

© Omrop Fryslân
De restauraasje fan de Koepeltsjerke yn Berltsum is klear. De wurksumheden ha trije jier duorre. De bûnte kjifkrobbe is dêrby ferneatige en de flearmuzen binne weromset. De steigers wurde meikoarten fuorthelle.
De ein fan de restauraasje wurdt fierd mei konserten en oare eveneminten. Bakkerij Wynsma fan Berltsum bakt in spesjaal gebakje. De opbringst fan de ferkeap dêrfan wurdt brûkt foar de ferljochting fan de Koepeltsjerke.