Afûk mooglik ek nei Tresoar

31 mrt 2003 - 00:00

De Afûk en it Fryske Boek ferhúzje nei alle gedachten nei Tresoar oan de Grienewei yn Ljouwert. De ynstânsjes moatte út it Fryslânhûs yn de Fryske haadstêd wei, dêr't se no yn sitte. Dêr wurdt de popakademy yn festige.

Keunstwurk, dat ek yn it Fryslânhûs sit, ferhuzet nei de Infirmerie. Tresoar is in gearfoeging fan it Ryksargyf, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en de Provinsjale Biblioteek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)