Koart nijs amateurfuotbal

30 mrt 2003 - 00:00

Yn de race om it kampioenskip yn de earste klasse F fan it sneinsfuotbal leit De Jouwer noch altyd op koers. De Jouwsters wûnen yn Westerbork mei 0-3 fan VKW.

Snits wûn fan de oare titelkandidaat Be Quick Grins mei 3-0 en stiet noch hieltyd op it tredde plak. Trainer Henk de Jong hie foar de wedstriid al in goed gefoel oer it resultaat. Snits spile de earste helte mei 10 man omdat ien spiler de klok net foarút set hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)