Echtpear dea by ûngemak

© Omrop Fryslân
In echtpear út Feanwâlden is sneon om it libben kaam by in ûngemak yn Noard-Hollân. De 72-jierrige man rekke op de dyk tusken de Ofslútdyk en Den Helder de macht oer it stjoer kwyt en botste op in tsjinlizzer.
De man ferstoar op it plak sels. Syn frou fan 75 waard swier ferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Alkmaar en is dêr letter ek ferstoarn. Fan de 3 ynsittenden fan de oare auto waard de bestjoerder opnaam mei in brutsen earm.