Striid foksejacht noch net oer

29 mrt 2003 - 00:00

De Faunabeskerming giet troch mei de juridyske striid tsjin de provinsje om de foksejacht tsjin te gean. De bestjoersrjochter yn Ljouwert besleat earder dizze wike om de foksejacht ta te stean. Dat wurdt dien om de greide- fûgels te beskermjen.

Neffens de Faunabeskerming is it net wittenskiplik oantoand dat de foks yndie in bedriging is foar de fûgels. Dêrby komt dat yn Drinte ek net op foksen jage wurde mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)