Fûgeloerlêst yn Wolvegea

28 mrt 2003 - 00:00

Tûzenen protters en roeken soargje foar grutte oerlêst op it algemien begraafplak fan Wolvegea. Tsientallen grêfstiennen binne besmoarge mei in dikke laach fûgelstront. De tûken fan beammen brekke ôf ûnder it grutte gewicht fan de tûzenen fûgels.

De gemeente Weststellingwerf giet der fan út dat de protters mei koarten wer fuortgean. De roeken bliuwe lykwols wierskynlik.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)