Betizing oer Hemrik/Himrik

© Omrop Fryslân
It doarp De Hemrik yn Opsterlân feroaret net fan namme yn it Fryske De Himrik. Dat om betizing foar te kommen mei it yndustryterrein de Hemrik yn Ljouwert. Ynwenners fan it plak binne bang dat helptsjinsten har net fine kinne. Ek foar frachtferkear is it net dúdlik.
Mei de gemeente Ljouwert is ôfpraat dat dúdlik op ferkearsbuorden en poststikken stean moat dat it om bedriuweterrein Hemrik giet.