Plysjepost tydlik ticht

© Omrop Fryslân
De plysjepost yn Surhústerfean giet fan 't simmer tydlik ticht. Der is te min personiel om it buro oan De Dellen iepen te hâlden. It buro waard yn oktober 2001 iepene, foar twa deidielen yn de wike. Doe wie de ferwachting dat it buro yn de takomst faker iepen wêze soe. Dy útwreiding is der noch net.
De gemeente Achtkarspelen is net bliid mei de sluting fan it buro simmer fan it simmer. De FNP-fraksje wol krekt dat it buro mear oeren iepen is.