Ferkearsplein De Jouwer stremd

28 mrt 2003 - 00:00

It ferkearsplein fan De Jouwer wie freedtemoarn foar in part stremd. In frachtwein ferlear acht betonplaten. Dêrtroch wie ien rydstrook op it ferkearsplein ôfsletten. De bypass fan de A6 nei de A7 - fanút De Lemmer nei It Hearrenfean - wie ek ôfsletten.

Yn de rin fan de moarn binne de betonplaten, dy't elk 2,5 ton weagje, fuorttakele. It ferkearsplein fan De Jouwer is oan de ein fan de moarn wer foar al it ferkear frijjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)