Deadlik ûngemak by Wolvegea

27 mrt 2003 - 00:00

Op de Stellingenwei by Wolvegea is tongersdeitemiddei in man om it libben kaam by in slim ûngemak. De man kaam mei syn auto op de linkerkant fan de dyk terjochte.

Dêr kaam hy frontaal yn botsing mei in frachtwein. Hoe't de man oan de ferkearde kant fan de dyk telâne kaam, is noch net bekend. De plysje ûndersiket it ûngelok fierder.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)