Utspraken yn saak-Hietkamp

© Omrop Fryslân
De rjochtbank fan Ljouwert hat trije fertochten fan de rôfoerfal op de 85-jierrige Sibbele Hietkamp fan Kollumer- sweach feroardiele. In Feanster (18) krige 18 moanne sel en in ynwenner fan Kollumersweach (17) krige in wurkstraf fan 90 en in learstraf fan 150 oeren. In ynwenner fan Groenlo (23) krige in taakstraf fan 40 oeren.
Tsjin de haadfertochte is sân jier sel easke. De saak is oanhâlden om't de man nei it Pieter Baan Centrum moat.