Ljouwerter oanhâlden foar oerfal

27 mrt 2003 - 00:00

De plysje Fryslân hat in Ljouwerter fan 23 jier oanhâlden foar in oerfal op in taksysjauffeur yn Grins. De plysje kaam de man op it spoar doe't er trapearre waard op it stellen fan guod út in winkel yn Drachten. Op it buro besocht de fertochte in slúf mei papieren fan de sjauffeur kwyt te reitsjen, mar de plysje krige dat yn de gaten.

De man hie mei help fan de papieren al in djoere tillevyzje en kompjûter kocht op rekken fan de taksysjauffeur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)