FNP-foarsitter Everts stapt op

© Omrop Fryslân
Aalsen Everts stapt op as foarsitter fan de FNP om't er gjin betrouwen mear hat yn de steatefraksje. Everts waard troch it FNP-haadbestjoer kandidaat steld foar de Earste Keamer, mar de ôfdielingsbestjoeren keazen foar Hindrik ten Hoeve. Dy soene neffens Everts dêrta ûnder druk setten wêze troch steatelid Folkertsma.
Foarsitter Kramer fan de steatefraksje ûntkent dat dy in aktive rol hie by it nei foaren skowen fan in oare kandidaat.