Foksejacht mei trochgean

27 mrt 2003 - 00:00

De foksejacht yn Fryslân kin foarearst trochgean. Dat hat de rjochtbank tongersdeitemoarn bepaald. Stifting Faunabeskerming hie in rjochtsaak tsjin de provinsje oanspand om de jacht te ferbieden.

De provinsje hat yn febrewaris fan dit jier besletten de jacht op foksen ta te stean, om sa de greidefûgels te beskermjen. De rjochter fynt ek dat der genôch oanwizings binne dat de foks skealik is foar de fûgels.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)