Fallissemint foar Krommedijk?

27 mrt 2003 - 00:00

De fakbûnen oerwaagje it fallissemint oan te freegjen foar it bedriuw Krommedijk Ynstallaasjes op It Hearrenfean. De ynstallateur fan ûnder oare CV-ynstallaasjes betellet syn personiel al twa moannen net mear.

Eins is der op it stuit ek gjin wurk mear. Earder dizze wike ha de fakbûnen oerlis hân mei de 20 personielsleden. It personiel is ûnderbrocht by ferskate BV's. De fakbûnen ha noch gjin kontakt krije kinnen mei de direksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)