Nij ferpleechhûs yn Stiens

© Omrop Fryslân
Soarchgroep Noorderbreedte wol yn Stiens in wensoarchsintrum bouwe. It wurdt in dependance fan Nij Toutenburg yn Burgum en der komme sechstich ferpleechbêden. It soarchsintrum komt oan de Hege Hearewei, dêr't no de folkstúntsjes binne. Earder wie ôfpraat dat dêr net boud wurde soe.
De omwenners en it bestjoer fan 'e túnkersferiening waarden woansdei op 'e hichte brocht. De gemeenteried moat noch gear oer de plannen.