Distribúsjesintrum Laurus ticht

© Omrop Fryslân
It distribúsjesintrum fan Laurus op It Hearrenfean is tiisdei offisjeel tichtgien. By it sintrum fan it supermerkkonsern wurken 181 minsken mei in fêst kontrakt. Foar 119 dêrfan is in oare oplossing fûn. Oaren sitte yn in trajekt foar oar wurk.
De sluting fan it sintrum makke diel út fan de grutte reorganisaasje fan it konsern. Dêrby waarden de Nieuwe Wemes yn it Noarden omboud ta Konmar supermerken.