Opfang oer provinsje ferspriede

26 mrt 2003 - 00:00

Ljouwert ûndersiket oft maatskiplike opfang oer de provinsje ferspraat wurde kin. De gemeente krijt dêr goed 36.000 euro subsydzje foar fan de provinsje.

Besjoen wurdt fan watfoar foarsjennings ferlet is en hokker gemeenten geskikt binne om multyfunksjonele opfang op te setten. Ek wurdt sjoen nei it ynrjochtsjen fan gebrûkersromten foar ferslaafden. It ûndersyk makket diel út fan in regionaal program, dat rjochte is op maatskiplike opfang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)