Jier fan de buorkerij

© Omrop Fryslân
Ljouwert sil meidwaan oan 'it jier fan de buorkerij'. De kommende moannen is der in ferskaat oan aktiviteiten, lykas kuiertochten en besichtigingen. Dat sil foaral krekt bûten de stêd wêze, yn de doarpen yn de omkriten.
Ek yn de stêd binne hjir en dêr noch pleatsen te finen. De tentoanstelling oer de Ljouwerter pleatsen is fan 25 april ôf te besjen yn it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert. De earste kuiertocht is op 14 maaie.