Ingelum wol fan drompels ôf

26 mrt 2003 - 00:00

Ingelum wol ôf fan de drompels yn it doarp. Dy feroarsaaksje skea en oerlêst, sa docht bliken út ûndersyk. De Ingelumers ha foaral klachten oer bussen, dy't oer de klinkerdrompels hinne stuiterje.

Menameradiel sil yn de hiele gemeente de drompels ferfange troch platte foarsjennings, sadat it ferkear dochs net te hurd ride kin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)