Nasjonale beamplantdei
Woansdei wie it nasjonale beamplantdei. Goed 130.000 bern yn hiel Nederlân planten nije beammen oan. It Wereld Natuur Fonds brûkt dizze dei om omtinken te jaan oan hout mei it FSC-karmerk.
300 beamkes en iken binne yn de grûn set yn Burgum. Bern út groep acht fan de basisskoallen wienen dêr mei dwaande. Wethâlder Bakker fan Tytsjerksteradiel die woansdeitemoarn earst foar hoe't it moast.