Gjin besunigings by Harmonie

© Omrop Fryslân
Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert hoecht gjin foarstellings te skrassen. De besuniging fan 136.000 euro dy't de gemeente de Harmonie oplizze woe, is fan tafel.
In ûndersyksburo hat fêststeld dat de Harmonie it op alle fronten goed docht, mei in protte foarstellings en in protte besikers. Direkteur Oostvogel fan de Harmonie is tige bliid dat er net hoecht te besunigjen.