'Swimbad Wommels moat bliuwe'

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Littenseradiel wolle it swimbad yn Wommels iepen hâlde. Dat die tiisdei bliken op in diskusjejûn. De riedskommisje hie de jûn organisearre om fan de gemeente te witten te kommen hoe't se tsjin de foarnommen besunigings oansjogge.
Littenseradiel wol de kommende jierren foar seis ton (euro) besunigje. Sluting of privatisearring fan it swimbad is ien fan de opsjes. Ek soene de tariven fan de sportsealen ferdûbele moatte.