Harkemase Boys - Urk: 4 - 3

© Omrop Fryslân
Grut spektakel tiisdeitejûn op De Harkema. Sneons haadklasser Harkemase Boys wûn de bekerwedstriid fan sneons haadklasser Urk mei 4-3, neidat de Harekieten yn 'e rêst noch mei 3-0 efterstienen. Urk wie yn 'e earste helte stikken better, mar fia goals fan Theo Los, Gerrie van den Bosch en Tony Alberda (2x) bleau de winst op 'e Harkema. De Boys hawwe harren no pleatst by de lêste sechtjin fan 'e beker.