Within Temptation op 5 maaie

25 mrt 2003 - 00:00

Within Temptation is ien fan de bands dy't spilet op it Befrijdingsfestival yn Ljouwert. De band docht ferskate festivals oan en reizget mei de helikopter. Der steane ek Fryske bands programmearre lykas Sebeare en Spanner.

Op fjouwer poadia ferdield oer de Fryske haadstêd spylje mear as tweintich bands. Ofsluter is de Nederlânske groep Beef!. Neist muzyk is der in bernefestival, in skate-fest en it projekt draakjefleane foar frijheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)